Nominaasjes bêste ûndernimmer

© Omrop Fryslân
De susters Reitsma fan Hotel De Posthoorn yn Dokkum, Jilles Dijkstra fan restaurant Leave Santjin yn Hijum én Tom Mulder fan kafee It Houtsje op It Hearrenfean binne nominearre foar de titel 'Markantste ûndernimmer fan Fryslân 2004'.
Alle jierren kiest de ôfdieling Fryslân fan de Koninklijke Horeca Nederlân de bêste ûndernimmer. De winner wurdt ein augustus bekendmakke en docht yn novimber mei oan de lanlike finale.