Stasjonsgebou siket hierder

© Omrop Fryslân
De gemeente Ferwerderadiel sit omheech mei it krekt restaurearre stasjonsgebou fan Marrum. It gebou waard ferline jier foar goed 4,5 ton opknapt.
De gemeente en de eigner fan de eardere halte fan it Dockumer Lokaaltsje, St. Momumintesoarch Ferwerderadiel, kin lykwols noch gjin hierder fine. De hier fan 30 tûzen euro jiers wurdt te heech fûn. Ek binne der minsken dy't it gebou leaver keapje wolle. De gemeente hopet ynkoarten in oplossing te finen.