Haanstra ljept 18 meter foarby

23 jul 2004 - 14:33

Yn de Topklasse fan de fierljep- kompetysje waard tongersdei yn Gryps- tsjerk einlings wer ris fierder as 18 meter sprongen. It wie Klaas Haanstra út Warkum dy't as earste einige mei in sprong fan 18.45 meter. Twadde waard Rients van der Wal mei 17.13 meter.

It hiele seizoen al wrakselet de Topklasse mei de foarm. Der wurdt amper oer de 17 meter sprongen. Haanstra liket moai op 'e tiid yn foarm te wêzen foar it FK op 14 augustus yn Winsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)