Keunst Hakze op Dútse eilannen

© Omrop Fryslân
Byldzjend keunstner Dirk Hakze is op 't heden dwaande mei de tarieding fan ien fan syn grutste keunstprojekten ea. Op de Dútse waadeilannen wol hy yn 2006 mei noch 1900 oare keunstners in ynternasjonaal keunstpanoramaprojekt opsette wêrby't keunstwurken altyd útstald wurde op it strân.
Meikoarten kinne keunstners dy't oan it projekt meidwaan wolle har oanmelde. It is noch net bekend op hokker Dúts eilân Hakze syn wurk te sjen wêze sil.