Dieder mishanneling oppakt

23 jul 2004 - 09:42

De plysje hat mei de oanhâlding fan in 21-jierrige Ljouwerter de mishanneling woansdei fan in âlder echtpear yn de stêd oplost. De frou fan it echtpear hie in opmerking makke tsjin de jonge dy't oer de stoepe fytste.

De jonge stapte ôf en joech de frou in fûstslach yn it gesicht. Har man, dy't har helpe woe, waard mei in karatetraap ûnderút helle. De slachtoffers binne ferwûne nei it sikehûs brocht. De Ljouwerter hat yntusken bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)