Kontrôle bou- en sloopôffal

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei op yndustryterrein De Dolten yn Aldehaske it transport fan bou- en sloopôffal kontrolearre. De lading fan yn totaal 18 frachtauto's waard besjoen. By in tal sieten der ferbeane saken tusken it ôffal.
It giet dan om jerrycans mei restanten oalje en bestridingsmiddels. De kontrôle wie bedoeld om te sjen oft boubedriuwen krekt foar de fakânsje noch ôffal dumpe. Dat wie net it gefal.