Lemsters betinke sels huzeplan

22 jul 2004 - 14:54

De bewennersaksjegroep fan de Langestreek komt mei in eigen plan foar bebouwing fan it terrein Ooievaarsnest op 'e Lemmer. De bewenners binne tsjin de plannen fan wenningstichting Lyaemer Wonen foar heechbou achter har huzen.

Op it âlde kempingterrein neist de iisbaan en flakby it strân wol Lyaemer in appartemintegebou fan 12 meter heech delsette. Neffens de bewenners nimt sa'n gebou tefolle sinne fuort en drukt it de wearde fan har huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)