Fokke Wietske Paad yn gefaar

© Omrop Fryslân
De VVV fan Aldegea Smellingerlân makket him soargen oer it fuortbestean fan it Fokke Wietske Paad. Dat kuier- en fytspaad is belangryk foar it doarp en de toeristen yn de omjouwing.
De gemeente Smellingerlân wol lykwols in mar oanlizze by Aldegea en dêrtroch driget in part fan de rûte ûnder wetter te ferdwinen. De VVV hat dêr koartlyn in brânbrief oer stjoerd nei de gemeente.