Oanjefte fan ûntfiering yn Grins

© Omrop Fryslân
It Leger des Heils yn Grins hat oanjefte dien tsjin de 45-jierrige Makkumer dy't tiisdei besocht syn 6-jierrige dochter te ûntfieren. De man stoarme tiisdei it gebou fan it Leger des Heils binnen. Hy mishannele dêrby twa meiwurkers en fernielde twa doarren.
De Makkumer kaam ta syn die om't er troch de rjochter út de âlderlike macht set wie. Doe't er syn dochter fûn hie, sloech er op de flecht. Yn de binnenstêd koe de man klemriden wurde.