Ofskied fan it 'Bonnehos'

22 jul 2004 - 11:26

Personiel en âld-meiwurkers fan MCL Noard ha woansdei ôfskied naam fan it sikehûs. Suster Desirée, ien fan de lêste susters fan it 'Bonnehos', hat de tekst fan in spesjaal gedicht 'De siel fan Bonnehos' ûntbleate. Hjiryn wurdt it gefoel fan 'Noard' dat yntegrearre wurde moat yn MCL Súd omskreaun.

De lêste pasjint ferhuzet tongersdei. Dy nimt it gedicht mei. It komt yn de sintrale hal fan it nije sikehûs MCL yn Ljouwert te hingjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)