Fjouwer nije psychiatrykafees

21 jul 2004 - 17:01

Fryslân krijt fjouwer nije kroegen dy't inkeld tagonklik binne foar minsken mei in psychiatryske achtergrûn. Doel is om dizze minsken út in sosjaal isolement te heljen. In eigen kafee is foar har in feilige omjouwing dêr't se makliker hinne geane as in gewoane kroech.

Yn Ljouwert is sûnt dit jier it psychiatrykafee de Kronkel iepen. Yn Dokkum, Drachten, Hearrenfean en Snits wurde nei alle gedachten dit jier noch de oare psychiatrykroegen iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)