Ald hûs lang om let opknapt

21 jul 2004 - 17:01

Ien fan de âldste gebouwen yn de Ljouwerter binnenstêd wurdt opknapt. Der is in jierrenlange juridyske striid oan foarôfgien. It 'wrak fan de Grutte Tsjerkestrjitte' wie earder diel fan in kleaster. It is boud yn 1530. De ôfrûne 15 jier is it net ûnderhâlden.

De eigner wol der in monumintaal wenhûs fan meitsje. Buertbewenners, gemeente en Monumintesoarch binne der bliid mei. Ein novimber moat de restauraasje klear wêze. Kosten 350.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)