Mirjam en Syb sykje nij publyk

© Omrop Fryslân
Mirjam Timmer en Syb van der Ploeg binne beide drok dwaande mei har nije cd. Mirjam mei har debút as solo-artyst nei Twarres en Syb mei syn band Spanner nei de eardere suksessen mei De Kast. Foar beide is it in útdaging om op 'e nij in grut publyk te berikken.
Mirjam Timmer hat al 15 nûmers op 'e planke te lizzen. De cd komt begjin takom jier út. De twadde cd fan Spanner, de opfolger fan Wonderful World, wurdt fan 't hjerst ferwachte.