Wetteroerlêst dreech oplosber

21 jul 2004 - 12:31

Dongeradiel hat gjin passende oplossing foar de wetteroerlêst yn de Huoddemakkerspolder. Neffens wethâlder De Graaf wurdt der fan alles oan dien. Dat is gjin garânsje dat de problemen net mear foarkomme yn de wyk.

Nei it minne waar fan ôfrûne sneon stienen foar de safolste kear ferskate strjitten ûnder wetter. De bewenners ha dêr skjin har nocht fan. In pear jier lyn is it rioel al ferfongen. Mar dat hat neat holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)