Drafsport hat jild nedich

© Omrop Fryslân
De feriening Draf en Rensport, de NDR, wol ôf fan de eksploitaasje fan it drafsintrum Wolvegea. De NDR ûnderhannelet mei ferskillende partijen oer in oername. It jild dat dêrby frijkomt moat ynset wurde foar de promoasje fan de sport en it ôflossen fan de skulden fan de feriening.
Dy skulden binne de ôfrûne tiid oprûn troch tekoarten by de drafsintra yn Nederlân. It giet striemin mei de sport en der binne amper ynkomsten.