Generale 'Buwalsky' yn Spangea

© Omrop Fryslân
De generale repetysje fan Opera Spangea koe moandei spile wurde mei prachtich moai waar. De ferwachte rein bleau út en it sintsje liet him geregeld sjen. Dit jier kinne de minsken yn de iepenloft fan Spangea sjen nei Buwalski, a road opera.
It ferhaal giet oer Buwalsky, de ûnsjochste man fan de wrâld. Syn hannen hawwe lykwols in grutte oantrekkingskrêft op froulju. Hy is fereale op de moaie Lada.