Te Plak nei doarpen yn Bjirmen

© Omrop Fryslân
Seisbierrum, Easterbierrum en Tsjummearum krije in festiging fan doarpsservice Te Plak. De ynstelling krijt as wurkplak it doarpshûs fan Easterbierrum en docht lytse putsjes foar minsken dy't dy sels net dwaan kinne. Dat bart tsjin in fergoeding.
It projekt is in inisjatyf fan de wurkgroep Leefberheid Doarpen A-Z. It wurdt twa jier stipe troch ferskate ynstânsjes. Nei twa jier moat de Doarpsservice himsels rêde.