Undersyk nei fallite skipswerven

© Omrop Fryslân
Der komt in ûndersyk nei de rjochtmittigens fan it fallissemint fan de skipswerven Bijlsma yn Warten en op 'e Lemmer. Dat ha de kuratoaren besletten. Se wolle de jildstreamen tusken de ferskate bv's fan de werf ûndersykje.
De ûnderdielen fan Bijlsma gienen op ferskillende tiidstippen fallyt. Mooglik binne ferskate banken yn it fallissemint befoardiele of beneidiele. It ûndersyk is fan 't hjerst klear.