Diskusje oer tiden hoareka

20 jul 2004 - 10:22

Hoarekasaken yn Noardeast-Fryslân moatte op deselde tiid slute. Alteast as it oan boargemaster Bilker leit. Allinnich sa kin wat dien wurde oan it tanimmend útgeansgeweld yn de regio. Neffens Bilker geane stappers te let nei hûs ta. De druk op de plysje is dêrom grut.

Troch in mienskiplik belied kin wat oan de problemen dien wurde. Bilker wol in diskusje oer de tiden en it fandalisme. Earder slagge sa'n diskusje net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)