Sloop markante piip yn Ljouwert

19 jul 2004 - 18:07

Ljouwert moat it tenei dwaan sûnder de markante piip fan Offalstjoering Fryslân oan de Greunswei. Moandei binne de boufakkers mei de sloop fan de ferbaarningsynstallaasje út ein set. De ferbaarnderij is al yn 1990 stillein om't der giftige stoffen frijkamen.

Yn it kompleks sitte no noch giftige stoffen en asbest. In spesjalisearre bedriuw hellet dy derút en ferwurket it. De sloop moat yn septimber klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)