Spanner makket twadde cd

© Omrop Fryslân
Spanner is dwaande mei opnames fan de twadde cd. De rockband fan âld-sjonger fan De Kast Syb van der Ploeg en drummer Nico Outhuijse is dêrfoar yn Dútslân. Se ha al 15 nûmers opnommen.
De band is suksesfol yn Dútslân. Fan de earste cd binne in protte ferkocht en ek de konserten fan de Dútse toer wienen goed besocht. In part fan de opnames fynt ek yn de eigen studio yn Ljouwert plak. De opfolger fan de cd Wonderful World komt fan 't hjerst út.