Fiskers útkeapje mei gasjild

© Omrop Fryslân
Garnalefiskers moatte útkocht wurde mei jild út ierdgasopbringsten. Dat seit de direkteur fan in fiskerijbedriuw yn it Grinslanner Sâltkamp. In soad garnalefiskers driigje fallyt te gean troch de ekstreem lege garnalepriis.
It fiskersbûn pleite earder foar in sanearingsregeling fan it Ryk. Foar de gasboarrings yn de Waadsee krijt it Noarden 500 miljoen euro kompinsaasje. In part dêrfan soe nei de garnalesektor moatte, fynt de fiskerijdirekteur.