Himpplantaazje Ljouwert opromme

19 jul 2004 - 12:42

De plysje hat sneontenacht in himpplantaazje yn Ljouwert opromme. Nei in melding fan ynbraak yn in loads oan it Noardfliet ûntduts de plysje de plantaazje. In tal doazen mei hennep stie klear. Der wienen goed 1200 planten plukt.

Mei Fryslân Milieu hat de plysje de loads leech helle en de drugs yn beslach nommen. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)