Trio Terpstra wint Rengerspartij

© Omrop Fryslân
It partoer Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk hat snein de Rengerspartij keatsen yn Ljouwert wûn. Se wûnen yn de finale fan it partoer Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf.
De tredde priis wie foar it trio Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra. By it earsteklasse keatsen yn Dronryp wie de oerwinning foar it partoer René Janse, Durk van der Meer en André Iedema.