Fûgelpits hat noch jild nedich

19 jul 2004 - 11:32

De Fûgelpits hat op de nije lokaasje by Moddergat noch inkelde tsientûzenen euro's nedich om klear te wêzen foar de winter. Tûzenen fûgels wurde wer ferwachte, mar it jild wat dêrfoar nedich is, is der noch net.

Ferskate aksjes steane dêrom op priemmen. Sa wurdt der in Fûgelpits Fair hâlden op 28 july en kinne guon bedriuwen in brief ferwachtsje fan de fûgelopfang. It jild giet nei in tal lytsere saken, lykas in wetterbassin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)