Akkordeondei yn Drachten

19 jul 2004 - 09:36

Lûkharmoanika's en akkordeons bepaalden sneontemiddei it strjitbyld yn Drachten. Om't it ferline jier in grut sukses wie, hiene de winkellju opnij sa'n evenemint organisearre.

Net allinnich útnoege spilers en groepen hâlden optredens, ek partikulieren koene mei har lûksek of harmoanika nei it Drachtster sintrum komme. Dêr waard dan ek goed gebrûk fan makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)