Gjin problemen troch needwaar

© Omrop Fryslân
It needwaar fan sneontejûn hat yn Fryslân net foar grutte problemen soarge, sa meldt de plysje. Wol kamen op in tal plakken strjitten blank te stean. Dat wie ûnder oare it gefal yn Dokkum, Rinsumageast en Easterwâlde.
De Kustwacht is min te sprekken oer it gedrach fan guon wettersporters. Nettsjinsteande warskôgings fan it KNMI giene in soad minsken dochs it wetter op. Dêrtroch moasten rêdingsboaten ûnder oare op de Iselmar yn aksje komme.