Open Stal oer arsjitektuer

© Omrop Fryslân
'Betovering in archtitectuur' is de titel fan Open Stal fan dit jier. De keunstrûte yn Aldeberkeap waard sneon iepene en hy duorret oant 15 augustus. Open Stal is yn de 33 jier fan syn bestean útgroeid ta ien fan de gruttere keunstrûtes fan Nederlân.
De organisaasje hat dit jier mikt op de keppeling tusken keunst en arsjitektuer. Der is likefolle ferskaat yn de gebouwen as yn de útstalde keunst sels, sa fine de organisatoaren.