D.E. net mear sponsor Swipedei

18 jul 2004 - 13:04

Douwe Egberts hâldt op as sponsor fan de Jouster Swipedei. Douwe Egberts, ofwol Sara Lee, is eigner fan de wichtichste wikselpriis fan it evenemint, de gouden swipe.

Douwe Egberts hat de Swipedei fan 1971 ôf sponsore, mar mei yngong fan takom jier is dat oer. De organisaasje mei de swipe noch wol brûke, mar in oare sponsor sil de priis útrikke. Dy moat noch fûn wurde. De finansjele gefolgen fan it ôfheakjen fan DE soene tafalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)