Boeren winne fan Frisia Sâlt

© Omrop Fryslân
Trije boeren by Easterbierrum ha fan de rjochter gelyk krigen yn har protest tsjin Frisia Sâlt út Harns. It bedriuw hie earder dit jier transportliedingen foar sâlt oanlein yn harren grûn.
De boeren wiene neffens de wet ferplichte dy oanlis ta te stean. Letter waard dy ferplichting troch de rjochter fersmiten. De boeren easken doe dat de transportliedingen wer út de grûn helle waarden. Freed krigen de boeren dêryn gelyk fan de rjochter.