Fiskers: gjin garnale-advizen

17 jul 2004 - 17:53

It Nederlânsk Fiskbersbûn sil foarearst gjin advizen mear jaan oer it tal te fangen kilo's garnalen. It bûn hat dat besletten nei in ynfal fan 'e NMa op it kantoar fan it fiskersbûn yn Emmeloard. Salang it ûndersyk fan 'e NMa rint sille der gjin nije advizen dien wurde.

It fiskersbûn is sels fan miening dat der neat mis is mei de advizen en sil de NMa ek noch in taljochting jaan. De fiskers stelden ferline wike freed in fangstbeheining yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)