Rappers NNTTO wurde net ferfolge

17 jul 2004 - 15:45

De rappers fan NNTTO fan 'e Gordyk wurde net ferfolge troch de IND. It NoordNederlands Taaltechnisch Offensief rapte koartlyn by in demonstraasje tsjin it útsetsintrum yn Ter Apel oer 'searjemoardners en kampbeulen', en dêrmei waarden IND-meiwurkers bedoeld.

De IND wie ferline wike noch lulk, mar strykt no oer it hert. Neffens de tsjinst binne de rappers al kjel genôch wurden fan de opskuor. De rappers binne ek noch tige jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)