NMa ûndersiket wer garnalesektor

17 jul 2004 - 13:20

Kartelplysje NMa ûndersiket mooglik ferbeane priisôfspraken fan garnalefiskers. De foarsitter fan it Nederlânsk Fiskersbûn en in fisker sels moasten dêr tekst en útlis oer jaan. De fiskers hawwe ûnderling ôfpraat net mear as 2000 kilo garnalen wyks oan wâl te bringen om de garnalepriis op te krikken.

Earder krige de sektor ek al in boete, mar doe wiene der priisôfspraken mei de hannel makke. Dy binne der no net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)