KV Drachten hellet kuorbal-Rus

© Omrop Fryslân
Foar it earst yn 'e Nederlânske kuorbalskiednis sil in Rus it kommende seizoen meidwaan oan de sealkompetysje. Kuorbalferiening Drachten hat de primeur. De spiler dêr't it om giet is de 19-jierrige Sergey Nizovski út de stêd Orjol. De trainer fan KV Drachten Jan Tuttel hat Nizovski in pear kear oan it wurk sjoen by in útwikseling tusken Fryske en Russyske kuorballers.
Ljouwert hie yn it ferline in stêdebân mei it Russyske Orjol.