Bretonske skoalle yn Parys

© Omrop Fryslân
Diwan, de beweging fan Bretonsktalige skoallen, sil nei de simmerfakânsje in skoalle iepenje yn it sintrum fan Parys. It nijs is opfallend want Diwan hat it dreech troch besunigings, in tekoart oan dosinten en in muoisume ferhâlding mei de Frânske oerheid.
De Bretonske skoalle komt flakby Montparnasse en set útein mei fyftjin learlingen en ien ûnderwizer. Neffens foarsitter Chapalain fan Diwan is it wichtich om nije skoallen te iepenjen.