Iepen dei fan Cambuur

17 jul 2004 - 00:00

It giet dat it slydjaget mei de seizoenskaarten op de iepen dei fan fuotbalclub Cambuur. Nei ferwachting sil it tal ferkochte kaarten op sawat twatûzen útkomme. De Ljouwerter club hie sneon in súksesfolle iepen dei.

Benammen de jeugd kaam massaal ôf de iepen dei. Der wie dan ek fan alles te dwaan foar harren. Sa koene se potsjes spylje ûnder it tasjen each fan de spilers. Cambuur presintearre ek de seleksje op de iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)