Militêren werom út Irak

16 jul 2004 - 16:11

Twa Fryske Iraksoldaten binne tongersdei feestlik ynhelle. Jurjen Mous fan Balk en Freek de Boer fan Sleat kamen mei de twadde lichting militêren yn Eindhoven oan. Sy sieten fjouwer moanne yn Irak mei in ploech fan 1300 soldaten.

Dit wykein komt ek de rest fan de troepen nei Nederlân werom. Se wurde ôflost, want Nederlân hat besletten om ek de kommende tiid mei te dwaan oan de stabilisaasjemacht yn Irak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)