Ien soarchloket It Amelân

16 jul 2004 - 13:03

Op It Amelân komt ien soarchloket. Minsken kinne dêr bygelyks krukken liene, mar ek wykferpleging of húshâldlike help oanfreegje. Sikehûs Talma Sionsberg Dokkum, Thússoarch Het Friese Land en soarchsintrum De Stelp yn Hollum wurkje deryn gear.

De 25 minsken fan de thússoarch en de 65 fan de Stelp gean mei oer nei de soarchkombinaasje. Foar de sizzenskip oer it soachloket moast oer trije ferskate CAO's gear gien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)