MCL-Noard ferhuzet yn july

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL-Noard yn Ljouwert ferhuzet yn twa dagen nei de nije lokaasje MCL-Súd. Dat sil barre op tongersdei 22 en freed 23 july. De earste dei gean alle ferpleechôfdielings oer en freed alle polykliniken.
Nei de ferhuzing giet de doar fan MCL-Noard op slot. Dan is it eardere Bonifatius Hospitaal, it Bonnehos, foargoed ticht. De kouveuzepoppen gean allegearre mei-inoar yn ien grutte wein oer. Der is dan ek plysje-eskorte by.