Brân yn pleats by Ie

16 jul 2004 - 09:46

By in útslaande brân yn in buorkerij oan Winia's reed tusken Jouswier en Ie is tongersdeitemiddei asbest frijkaam. Ynwenners fan Ie waarden warskôge dat se ruten en doarren tichtdwaan moasten.

Yn earste ynstânsje stie der noch fee yn de stâl fan de pleats, mar dat waard der gau úthelle. De brânwacht fan Dokkum en Eanjum krigen it fjoer ûnder kontrôle. Mooglik is it fjoer begûn yn in trekker yn de buorkerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)