Tennisclinic Haarhuis en Eltingh

© Omrop Fryslân
In tsiental gelokkigen koene woandei tennisles krije fan Paul Haarhuis en Jacco Eltingh. It duo joech op de banen fan tennisferiening De Molen yn Ljouwert in pear oeren lang in 'tennisclinic'. Bedoeling wie om de lessen bûten te jaan, mar troch de rein koe dat spitigernôch net.
150 kear yn it jier jouwe Haarhuis en Eltingh de clinics. Tegearre ha de eardere wrâldkampioenen dûbelspul in bedriuwke en komme se oeral yn it lân.