Ferfolch-ûndersyk ATF-brân

© Omrop Fryslân
Hûnderten minsken dogge mei oan it ferfolch-ûndersyk nei de gefolgen fan de brân by ôffalferwurker ATF yn Drachten. De GGD sil dy minsken oproppe foar it ûndersyk.
Deputearre Ton Baas kundige it ferfolch-ûndersyk ferline wike al oan. De GGD fiert it út en sil earst minsken befreegje om te sjen oft der in reden is om se fierder noch lichaamlik te ûndersykjen.