Ferienings dupe fan konflikt

15 jul 2004 - 14:24

In soad ferienings en ynstellings wurde de dupe fan in konflikt oer sportkafee De Bongerd yn Haulerwyk. De gemeente en behearder De Jong binne it nei moannen praten net iens wurden oer in nij kontrakt. De Jong stapt no mei yngong fan 1 septimber op as behearder fan de sporthal en eksploitant fan it kafee.

De gemeente wol no tydlik in behearder yn tsjinst nimme. De kâns is lykwols grut dat in soad gearkomsten fan ferienings no net mear trochgean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)