Krante freget jild fan lêzers

15 jul 2004 - 13:05

De Heerenveense Courant wol jild ha fan syn lêzers. It giet om in frijwillige bydrage fan 5 euro. De krante dy't útjûn wurdt troch útjouwerij Hoekstra yn Emmeloord, hat te lijen ûnder de minne advertinsjemerk.

Ek is it drukken fan kranten djoerder wurden. Mei it jild fan de lêzers wol de krante de redaksjonele pagina's op peil hâlde. Earder fregen twa oare kranten fan útjouwerij Hoekstra, de Feanster en de Woudklank, ek al om jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)