VNO/NCW: gaswinning moat wêze

© Omrop Fryslân
It Noarden moat net langer protestearje tsjin it winnen fan gas út 'e Waadsee. Dat seit VNO-NCW Noord. No't regear en in mearderheid yn 'e Twadde Keamer foar gaswinning binne hat protest gjin doel mear, fynt de wurkjouwersorganisaasje. It Noarden kin better gau saken dwaan mei it ryk oer de 500 miljoen euro dy't it ryk yn it Waadgebiet stekke wol. VNO-NCW wolle in part fan dit jild yn Energy-Vally stekke, foar projekten op it mêd fan duorsume enerzjy.