Eye4care hoecht net ticht

15 jul 2004 - 09:50

De alternative klinyk Eye4Care BV yn Harns mei 32 medyske behannelwizen net mear útfiere. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert woansdei besletten. It iepenbier ministearje easke ferline wike by de rjochtbank dat de klinyk ticht moat, mar dy eask is ôfwiisd.

Der is al in skoft in soad krityk op Eye4Care, ûnder oaren omdat dêr medyske behannelingen útfierd wurde troch minsken dy't dêr net de goeie oplieding foar hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)