Minister wol Nasjonaal Lânskip

© Omrop Fryslân
Minister Dekker fan VROM bliuwt derby dat de Westergosône in Nasjonaal Lânskip wurde moat. De Twadde Keamer hie krityk op dat plan, omdat de ekonomyske ûntwikkelings dêrtroch op slot geane.
De minister skreau woansdei oan de Twadde Keamer dat se net fan miening feroare is. Dekker tinkt dat der romte oerbliuwt foar ekonomyske ûntwikkeling, ek as it gebiet in Nasjonaal Lânskip wurdt.