Tongersdei EK Yngling yn Starum

© Omrop Fryslân
Yn Starum begjint tongersdei it Europeesk Kampioenskip Ynglingsilen. In Yngling is in lyts wedstriidboatsje foar trije persoanen mei in kyl, dy't net sinke kin. Dit jier is de Yngling foar it earst in Olympyske dissipline foar froulju.
Tongersdei begjint it EK Yngling mei de jongerein. Foar it begjin fan 'e kompetysje wurde alle boaten keurd en neimetten. Under de 330 dielnimmers binne in soad Friezen.