Plysje wit neat fan terreuralarm

© Omrop Fryslân
Plysjeminsken yn Fryslân witte net wat se oan moatte mei it terreuralarm dat noch hieltyd fan krêft is. Sy binne net goed ynformearre oer it alarm dat sûnt freed jildt. It plysjebûn ACP hat in brief stjoerd oan minister Remkes.
Yn de brief stiet dat der ûnrêst is by plysjeminsken oer de terreurdriging. Sy witte net wat se dwaan moatte. Nijpels neamt de krityk yn Fryslân oerdreaun, om't der hjir gjin konkrete driging is.