Pleats Easterwâlde ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
Troch brânstifting is tiisdei in pleats oan de Duisterweg yn Easterwâlde foar in grut diel ôfbaarnd. De brân begûn om even nei twaën op 'e heasolder. De dieder kaam de pleats yn troch in ôf- tichting foar in raam fuort te heljen. It raam wie ôftichte omdat it de dei dêrfoar yngoaid wie.
Allinne it foarhûs stie noch, mar moast letter ôfbrutsen wurde om't it op yn- stoarten stie. De pleats waard net mear bewenne. Der lei allinnich hea opslein.